Wie en wat wij zijn (Frysk)
De hoop dy¹t mear as tweintich miljoen minsken diele

De tsjerke fan de Zevende-dags Adventisten, better bekend as de Advinttsjerke¹, is ûntstien mids foarige ieu as ien fan de yn dy tiid sa populêre opwekkingsbewegings. Wilens is hja útgroeid ta ien fan de meast fersprate protestantsk-kristlike tsjerken yn Oe wrâld. Mear as tweintich miljoen minsken, ferdield oer benei alle lannen fan de wrâld, rekkenje harren sels ta it advintleauwen. Yn Nederlân binne dat sa¹n tolvetûzen. Yn de namme fan harren tsjerke komt harren hoop ta utering: hja ferwachtsje mei gauwens it weromkommen fan Jezus op ierde, lykas tasein is yn Gods wurd, de Bibel. Dêryn stiet dat Jezus werom-komme sil yn letterlike sin, op in wize dy¹t foar eltsenien sichtber wêze sil.

In hastich weromkommen
Profetyske bibelboeken meitsje neffens de advintistyske fisy dúdlik dat dit momint tichteby is. Dat weromkommen sil in hiel soad feroarings meibringe. Alle ellinde sil ferdwine; ûngelikensens tusken manlju en froulju, ryk en earm en rassen ûnderling sille fuortnommen wurde en deaden sille opstean út harren grêf.

Minsken mei in opdracht
Omdat it weromkommen ek in oardiel ynhâalde sil lizze Adventisten yn harren preekjen grutte klam op it ferkundigjen fan de lêste warskôgingsboadskip foar dizze wrâld. Hja trúnje der by eltsenien op oan om op Oe tiid (no dus, foar it momint dat Kristus weromkomt!) en echt foar in libben mei God te kieze en harren mei Him te fermoedsoenjen.

De Bibel as iennich útgongspunt

bijbelAdvintisten beskôgje de Bibel as it ynspirearre wurd fan God. In boek wêroan it werom-kommen en de takomst fan de minsk úntliend wurde kin en dat weardefolle advizen jout foar it deistige libben, gearfette yn de Tsien Geboaden. Dêrom nimme advintisten elk diel fan de Bibel serieus.

Fan it skeppingsferhaal oant de iepenbierings oer de ein fan ús wrâld. Dat betsjut dat advintisten net útgeane fan in 'oerknal' of it evoluearjen fan aap oant minske, mar de rjochtstreekse hân fan God sjogge yn alles wat skepen is. Planten, bisten èn minsken.

 

 

 

 

 

 

 

Sabbat as rêstdei
Lykas God op de sânde dei fan de wike rêst naam nei Syn skeppingswurk en de minske yn it fjirde gebod frege is itselde te dwaan, sa fiere de advintisten eltse sneon de sabbat as rêstdei. Op dy dei tinke hja werom oan Gods skepping fan himel en ierde en genietsje hja fan it werskeppende (rekreative) karakter dat God dêroan takend hat. Dy betsjutting ferskilt wêzentlik fan de troch minsken ynstelde sneinsfiering, wêryn¹t it nij ta libben kommen fan Kristus útgongspunt is. Advintisten fiere it nij ta libben kommen fan Kristus mei Peaske en betinke Syn dea mei de fiering fan it Hillich Nachtmiel.

Duorsumheid as opdracht

By de skepping hat God de minske oansteld om alles wat skepen is op in ferantwurde wize te behearen. Hy hat de minske dêrta ferskate talinten jûn, mei de opdracht dy ta ûntwikkeling te bringen en te¹n goede komme te litten oan it wolwêzen fan eltsenien. Op it foarste plak past yn dy opdracht in ferantwurde soarch foar it eigen lichem. Advintisten beskôgje it minslik lichem as in timpel fan de Hillige Geast en besykje der fanút dy fisy op in krekte en ferantwurde wize mei om te gean.

Ferantwurde konsumearjen
Advintisten kieze foar in ferantwurd konsumpsjepatroan dat har ûnderskied troch soberens. Hja ûnthâlde har yn ´e regel fan alkohol, tabak en oare drugs. Ek ite advintisten al datjinge dat yn de Bibel oantsjut wurdt as Osuver¹. In soad advintisten keppelje it op in ferantwurde wize omgean mei de skepping oan in fegetarysk dieet. Ynjûn troch sûnensmotiven, ferantwurdlikens foar de bisten oer omdat it ek skepsels binne en fanút de gedachte dat in mindere fleiskonsumpsje bydrage kin oan in ear-liker ferpartsjen fan it iten yn de wrâld.

Untwikkelingswurk
adra
Respekt foar it libben stiet sintraal by advintisten. Wittenskiplik ûndersyk hat oanjûn dat advintisten troch harren sûne libbenswize troch de mjitte langer libje en minder fetber binne foar tal fan earnstige sykten. Neist in ferantwurd konsumpsjepatroan nimme advintisten harren ferantwurdlikens troch miljeibewust te libjen en troch gjin wapens te brûken tsjin harren neisten. Hja drage dy libbenswize út yn harren eigen fermidden en oer de hiele wrâld. Under mear troch it grutste protestantske ûntwikkelingswurk mei tsientûzenen dokters, ferpleechkundigen en ûnderwizers yn de Tredde Wrâld

Trou oan weardefolle begjinsels

duifGod skoep de minske mei in frije wil. Gjin marionetten, mar skepsels mei in eigen kar. De krektens fan dy kar is te hifkjen oan it minsklik gewisse en oan it learboek mei weardefolle advizen foar optimaal lok dat God de minske jûn hat: de Bibel. Advintisten dogge alle war fêst te hâlden oan de begjinsels sa¹t dy troch God foarskreaun binne:

 

 

 

 

Advintisten nimme it offer oan fan Kristus. Troch Syn dea oan it krús naam Hy ús sûn-den op Him en hat dêrmei oanjûn solidair mei ús te wêzen oant yn de dea. Dêrmei jout Hy ús útsjoch op in ieuwich libben, hoewol Ot ús ferkearde kar fan de sûndefal ôf eins liede moatten hie ta de ieuwige dea. It ieuwige libben dat Hy ús oanbiedt is net troch minsken te fertsjinjen, mar is troch Syn offer berikber foar elk dy¹t it oannimme wol. Dat oannimmen komt net alline ta utering yn wurden, mar ek yn dieden.

Advintisten sjogge God net as eat, mar as immen. God de Heit, God de Soan en God de Hillige Geast wurde belieden as persoanen.

Advintisten leauwe net yn in ûnstjerlike siel. Wa't ferstjert, sil rêste yn it grêf oant Kristus werom komt. Op dat stuit wurde alle grêven iepene en wurde de deaden ta libben brocht om tegearre mei de libjenden beoardiele te wurden.

Advintisten geane der fanút dat de profetyske bibelboeken jilde foar de hiele wrâld-skiednis. Wa't dy begrypt kin der de tige krektens yn weromfine wêrmei't de delgong fan de wrâldmachten lykas it Grykse en Romeinske Ryk foarsein waarden en tal fan oare markante foarfallen oant yn ús tiid en dêr
foarby. De profesij jout oan dat de ein fan ús wrâldskiednis ûnomkearber kommendewei is mei as hichtepunt it weromkommen fan Kristus.

Advintisten fiere neffens it fjirde gebod de sânde dei as rêstdei. Dat hâldt yn dat hja sneons net wurkje en harren dwaande hâlde mei rekreaasje yn de meast letterlike be-tsjutting. Dat betsjut in besinning op de skepping, de wize wêrop't men mei elkoar omgiet en de nije ierde dy't ús yn de Bibel tasein is.

voetwassingAdvintisten fiere regelmjittich in iepen Nachtmiel, wêroan't in eltsenien meidwaan kin dy't belide wol dat Kristus foar him of har ferstoarn is. Foarôfgeand oan it Nachtmiel is der it waskjen fan de fuotten neffens it bibelsk foarbyld fan Jezus.

Advintisten kieze foar it dopen as men folwoeksen is. Minsken dy't harren libben yn oerienstemming bringe wolle mei Gods begjinsels, belide dat yn it iepenbier en litte harren troch it ûnderdompeljen begrave yn in symboalysk wettergrêf. De Oferrizenis' dêrút jout it begjin oan fan in nij libben.

 

 

Advintisten steane frijwillich tsien prosint ôf fan harren ynkommen foar it yn stân hâlden fan it wurk fan de Advinttsjerke. Dat wurk bestiet ûnder oaren út it ferkundigjen fan it evan geelje en út projekten yn ûntwikkelingslannen en needhelp yn rampgebieten. Lêst-neamde aktiviteiten wurde rûnom yn de wrâld op tou set troch it Adventist Development and Relief Agency (ADRA), dat ek yn Nederlân fertsjinwurdige is.

Ien mei oare leauwigen

Hoewol't Zevende-dags Advintisten leauwe dat hja in bysûndere opdracht hawwe om Kristus syn weromkommen meikoarten (dus it ein fan de wrâld dat der oan stiet te kommen) oan te kundigjen, leauwe hja net dat de evangelisaasjeferkundiging lykas dy dêr¹t advintisten op oanstean, allinnich sillichmeitsjend is. In nije ierde stiet net iepen foar leden fan in beskate tsjerke, mar foar eltsenien dy't nei eare en gewisse it offer fan Kristus oannimt en har libben dêrneffens ynrjochtet. Zevende-dags Advintisten leauwe dat God Syn folgers yn alle kristlike tsjerken te finen binne. Alle tsjerken dy't it evangeelje fan Kristus ferkundigje hawwe in wêzentlike funksje yn Gods ferlossingsplan foar dizze wrâld. Advintleauwigen hawwe grutte wurdearring foar meikristenen yn oare tsjerken, dy¹t krewearje foar in bettere wrâld yn it perspektyf sa't de Bibel dat jout.

 
Home Wie en wat wij zijn Frysk